FNP tegen zandwinning

0

In een persbericht heeft de FNP zojuist laten weten op 13 februari in de gemeenteraad tegen de plannen te zullen stemmen die zandwinning voor de kust van Gaasterland in het IJsselmeer mogelijk moet maken. Fractievoorzitter Jan Volbeda liet telefonisch weten dat het een moeilijke beslissing was. Zaterdag is hij te gast in Gaastnijs (12 tot 1 uur)

Hier de hele tekst van het persbericht:

FNP De Fryske Marren stimt tsjin sânwinning yn Iselmar
De FNP sil tsjin de sânwinning yn de Iselmar stimme yn de ried fan 13 febrewaris. De
konklúzje fan de FNP-fraksje is: by twivel net ynhelje. De fraksje wol boppedat rjocht dwaan
oan har útgongspunt om noed te stean foar natuer en lânskip en lústerje nei de stim fan in
grut part fan ús ynwenners.
Optelsom fan effekten
Foar de FNP-fraksje is tige wichtich dat sûnt it begjin fan de plannen foar in yndustriële
sânwinning foar de Gaasterlânske kust der sprake is fan in optelsom fan negative effekten yn
en om de Iselmar. Tink oan útwreiding fan yndustryhavens en wynmûneparken en de
ferwachte effekten fan de leechfleanrûtes fan Airport Lelystêd.
Kwetsbere kliffenkust
Sânwinning yn dizze foarm mei dan foldwaan oan de noarmen, foar de FNP-fraksje kin hjir
gjin sprake wêze fan goede romtlike oardering. De FNP-fraksje wol rjocht dwaan oan har
útgongspunt om noed te stean foar it lânskip en benammen dit kwetsbere Natura 2000-
gebiet foar de unike kliffenkust fan Gaasterlân.
Natuer en miljeu
De gefolgen foar natuer en miljeu (fisken, fûgels, fersilting) binne foar ús as leken dreech yn
te skatten. Dat de sânwinning gefolgen ha sil foar lûd, ljocht en wiidsheid is wis, dat blykt út
de Milieu Effecten Rapportage (mer). Lykwols sprekke saakkundigen elkoar tsjin. Fandêr dat
de FNP seit: by twivel net ynhelje.
It lêste wurd oan de ried
Polityk sjoen is de sânwinning net in ‘gelopen koers’; de ried fan De Fryske Marren hat wol
deeglik it lêste wurd en hat wat te sizzen oer dit stik fan de Iselmar. De FNP-fraksje fielt har
folkfertsjintwurdiger. Dêrom hawwe wy ek goed harke nei de stim fan in grut part fan ús
belutsen ynwenners en dêr oant it petear yn de gemeenteried de tiid foar naam.