Wierda’s Ambachtelijke Slagerij in Heeg bestaat dit jaar 120 jaar en is al vier generaties lang op dezelfde plek een begrip in het dorp. Het familiebedrijf werd in 1906 opgericht door de gebroeders Wierda en wordt inmiddels voortgezet door de vierde generatie: Harm Wierda.
“Yn 1906 begûnen bruorren Wierda de slachterij. No al fjouwer generaasjes lang op itselde plak,” vertelt Harm Wierda enthousiast. “Ik ha leafde foar it fak en dat betsjut sels dingen meitsje. Dêrmei besykje ûnderskiedende produkten te meitsjen. Leafde foar it fak sit yn alles wat wy dogge.”
120 jaar terug in de tijd
Wierda blikt terug op hoe zijn overgrootvaders te werk gingen in de begintijd van de slagerij. “Hoe hiene dy mannen dat foarinoar yn 1906? Hoe barde dat? Earst giene se mei in boekje by de doarren lâns om te freegjen wat de gesinnen hawwe woene. Dan waard der slachte en ferwurke en dêrnei waard it nei de minsken ta brocht. Dy makken it dan klear, oft it waard yn de kelder ûnder it fet bewarre. Hjoed-de-dei is dat hiel oars mei in kuolfitrine.”

Naast het 120-jarig bestaan viert Harm Wierda ook een persoonlijk jubileum. “Ik bin dizze wike hjir sels 30 jier slachter yn Heech en dat kombinearje we mei it jubileumfeest dat we op snein hâlde fan ús 120-jierrich bestean.”
Onmisbaar voor dorp
De slagerij speelt nog altijd een belangrijke rol in het dorp en draagt daar actief aan bij. “Wy hawwe klanten nedich,” zegt Wierda eerlijk. “Yn ruil dêrfoar jouwe wy it doarp ek wat werom yn de foarm fan sponsoring.” Zo ondersteunt de slagerij lokale evenementen en verenigingen. “Yn it doarp binne der genôch eveneminten. Dan kinst wer in stientsje bydrage troch gehakballen te meitsjen foar de fuotbalklup, of de barbecues fersoargje foar de wettersportferiening bygelyks.”


