Recreatiegebied Ulesprong bij Sint Nicolaasga staat op vrijdag 3 en zaterdag 4 juli voor de zestiende keer in het teken van Beachrockers Festival. De opbouw is in volle gang en de weersverwachting is gunstig voor komend weekend. Voor een afgelasting hoeft dus niet gevreesd te worden. “Mar wy binne op alles tarieden”, zegt organisator Gerrit Kooystra.
Het festival heeft in zestien jaar tijd al het nodige voor de kiezen gehad, zegt organisator Gerrit Kooystra. Het niet doorgaan in de coronatijd (2020 en 2021) uiteraard, maar de meest spannende momenten beleefde het evenement op 6 juli 2024. “De wynsnelheden feroaren doe sa hurd, dat de golven fier oer de kaai hinne kamen. De tinten hienen it nettsjinsteande de hurde wyn wol folholden, mar it risiko wie te grut om it festival feilich iepenje te kinnen.”
En dus opende het festival niet om 14.00 uur, maar om 18.00 uur, nadat het weer gekalmeerd was. “Dat wie wol ien fan de stressfolste tiden dy’t ik as organisator hân ha, dat winskje ik nimmen ta. Ik hoopje dit ek nea wer mei te meitsjen.”
Hitte als bedreiging?
Vorig weekend werden vanwege de hitte meerdere festivals in het land afgelast vanwege de warmte. “Wy wurkje mei in fêste waarman. Hy koe ús ferline wike al frij gau gerêst stelle dat it dit wykein in stik minder waarm wurde soe, dus wy ha net echt stress hân oer it al dan net trochgean fan it evenemint.”

Toen Kooystra zestien jaar geleden begon stonden de veiligheidsmaatregelen weergegeven op vier pagina’s. Anno 2026 is er een veiligheidshandboek dat 180 pagina’s telt. “De regeljouwing is troch de jierren hinne in stik stranger wurden. Mar yn dit plan stiet bygelyks wannear’t je ûntromje. As ús waarman seit dat er in tongerbui oankomt dan moatte je it terrein leechmeitsje, de feiligens fan ús besikers is it wichtichst.”
Defqon.1
Volgens Kooystra was de volledige afgelasting van Defqon.1 in Biddinghuizen een kwestie van tijd. “Dat sy earst de deigasten net mear talieten wie in compromis mei de gemeente. It is namelijk sa dat as de gemeente it wol tastiet en do as organisaasje beslútst om dochs te skrassen, do neat werom krijst fan de fersekering. Dêrom wachtsje organisaasjes faak earst op wat de gemeente beslút. As sy ‘nee’ sizze binst derfoar fersekere, oars net. Dat is neffens my wat der by Defqon.1 bard is.

De opbouw van het evenement verloopt mooi volgens schema. Zowel op vrijdag als zaterdag worden er zo’n 4500 bezoekers uit de drie noordelijke provincies verwacht. “Freedtejûn is foar de wat âldere doelgroep: 28+, mei musyk út de jierren 90 en zeroes. Dêr sjochst foaral minsken út omlizzende doarpen op ôf kommen. De sneon is foar in jonger publyk en dy komme ek fan fierder fuort.”
Mogelijk laatste keer terug naar de nineties
Voor liefhebbers van jaren 90 muziek is er mogelijk slecht nieuws. In buurgemeente Heerenveen zette Kooystra eerder dit jaar al een streep door het back to the 90’s feest. Daarvoor in de plaats kwam onder de noemer Heerenveen Live een evenement met Nederlandstalige muziek. “Je sjogge dat dêr in soad animo foar ditsoarte musyk is, it is tink ik ek goed om no en dan jo konsept oan te passen. It is net út te sluten dat we oar jier mei in Marpopachtig evenemint op de freed komme.”


